|
Article on other languages:
|
Wales (Nederlânsk, Galen, Welsk: Cymru, Latynsk: Cambria) is in eartiidsk foarstendom en foarmet mei Ingelân, Noard-Ierlân en Skotlân ien steat: it Feriene Keninkryk. Wales leit yn it westen fan it eilân Grut-Britanje en grinzet yn it easten oan Ingelân. Wales hat in eigen taal, it (Welsk), in eigen flagge en iepenbier bestjoer. Mar bûtenlânske saken spilet allinnich it feriene Keninkryk in rol. It is dus gjin eigen steat. Wales telt hast 3 miljoen ynwenners. De namme komt fan it Germaanske wurd “Walha” wat frjemdling betsjut. SkiednisDe Romeinen joegen oan it hjoeddeistige Wales de namme Cambria en boude in grut oantal forten yn it suden fan it lân oant Carmarthen yn it westen. Der is bewiis dat de Romeinen fierder nei it westen west binne en op dizze manier nei Ierlan gienen. Sy bouden ek it amfiteater yn Caerleon, it best bewarre teater yn Grut-Britanje. De Romeinen wienen ek drok yn it noarden fan it lân en neffens de Mabinogion soe Magnus Maksimus, in keizer út de 4e ieu, troud wêze mei in Elen, de dochter fan in Welkske haadling. Troch de berchterein mei in soad rein is Wales nea troch de Angelsaksen ynnaam. Ien fan de Saksyske keningen, Offa fan Mercia wurdt beskôge as de man dy’t opdracht joech om in grutte ierden wâl of dyk te bouwen by de grins fan syn ryk om de Welske minsken bûten te hâlden. Dielen fan dizze Offa’s Dyke kinne hjoeddeis noch altyd besjoen wurde. De oermastering fan Wales troch de Normandjers wie net klear yn 1066 doe't Ingelân ferslein waard, mar it gie stadichoan en it proses wie klear yn 1282 doe't kening Eduard I fan Ingelân LIywelyn Ein LIyw Olaf fersloech. Eduard boude in grut tal kastielen om de Welsh yn de gaten te hâlden. GeografyWales leit op in skiereilân yn it sintrale diel fan it eilân. It oerflak fan Wales is mei sa’n 20.779 km², likernôch sa grut as Sloveenje. Wales wurdt begrinze troch Ingelân yn it easten en troch de see yn alle oare wynrjochtingen. Steden en plakkenWales hat mar in pear grutte stêden. Dizze lizze allegear yn it suden fan it lân. Caerdydd (Kardiff), de haadstêd hat yn 2005 likernôch 302.000 ynwenners, Aberwawe (Swansea hat yn 2005 likernôch 171.000 ynwenners. It binnenlân is tin befolke. More about Wales: north wales, lake wales real estate, lake wales, johnson and wales university, lake wales fl real estate, new south wales, prince of wales, map of wales, property wales, |
||||||||||||||||||||||||||||||||||||
This article is from Wikipedia. All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License.