|
Article on other languages:
|
Switserlân is in lân yn it Midden-Jeropa. De haadstêd is Bern en de presidint fan de republyk is sûnt 2006 Moritz Leuenberger. Switserlân wurdt begrinzge troch:
GeografySwitserlân is by útstek in Alpenlân. De heechste bergen lizze yn it suden en easten fan it lân. Yn it noardwesten leit de Jura. It noarden en it midden fan it lân is minder bercheftich en dêrtroch ek it tichst befolke. De grutste marren fan it lân binne: de Bodenmar en de Mar fan Genève. De wichtichste rivieren binne de Ryn mei syn sydrivier de Aare, en fierders de Rhône en de Inn, dy't alle trije yn Switserlân ûntspringen. Yn Switserlân befynt him de wetterskieding tusken de Noardsee, de Swarte See, de Adriatyske See en de Middellânske See. De haadstêd is Bern. Oare wichtige stêden binne ûnder oaren Sürich (de grutste stêd), Genève, Bazel en Lausanne. KlimaatDer is in grut ferskaat oan klimaten yn Switserlân, fan in poalklimaat yn it heechberchtme oant en mei in mediterraansk klimaat yn Ticino. Lykwols giet it klimaat yn it generaal oer fan in lânklimaat nei seeklimaat en hearket yn de hegere dielen fan de Alpen in heechberchtmeklimaat. SkiednisSwitserlân is ûntstien op 1 augustus 1291, doe't de oerkantons - Uri, Schwyz en Unterwalden - fan it Hillige Roomske Ryk in konfederaasje stiften om harren ûnôfhinklikens tsjinoer de Habsburgske foarsten te bewarjen. Har selsstannigens waard pas erkend by de Frede fan Westfalen yn 1648, dy't ek in ein makke oan de Tachtichjierrige Oarloch en de Tritichjierrige Oarloch. Nei ferrin fan tiid sleaten ek oare kantons har oan by de Switserske federaasje. Yn 1848 waard nei in lytse godstsjinstkriich (de lêste fan de yn totaal fiif godstsjienstkrigen) tusken katoliken en protestanten de steat foarfêst omfoarme ta in steatebûn. Tidens de beide wrâldkrigen hâlde it lân har ôfsidich. DemografyBefolkingEin 2003 wennen yn Switserlân 7.507.300 minsken. In grut part dêrfan (20%) komt oarspronklik út it bûtenlân.
TaalYn Switserlân wurde troch de befolking meardere talen sprutsen. De nasjonale en offisjele talen fan Switserlân binne:
Omdat in grut part fan de befolking ôfkomstich is fan it bûtenlân hat om-ende-by 9,0% fan de Switserske befolking noch in oare taal as earste taal. Dêrfan is it Servokroatysk wol de wichtichste mei 1,4% sprekkers, folge troch Albaneesk, Portugeesk, Spaansk, Ingelsk, Turksk, Tamil, Arabysk en Nederlânsk. It Dútsk dat troch de Dútstalige Switsers sprutsen wurdt is Switserdútsk, dat op in soad punten ôfwykt fan it Heechdútsk en dat ek grutte ferskillen kent tusken de ferskate stêden en doarpen. It Switserske Frâns is op guon punten ôfwikend fan it offisjele Frânsk. It Reto-Romaansk wurdt allinnich sprutsen yn in part fan it kanton Graubünden. Yn de ferskate lânstalen wurdt Switserlân: Schweiz (Dútsk), Suisse (Frânsk), Svizzera (Italjaansk) en Svizra (Reto-Romaansk) neamd. Fuotnoaten |
|||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
This article is from Wikipedia. All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License.