|
Article on other languages:
|
Súd-Afrika (Afrikaansk: Suid-Afrika, Ingelsk: South Africa of yn it Súd-Afrikaans-Ingels: Seffrica, Noard-Sotho: Afrika Borwa), is in lân dat, sa as de namme bliken docht, oan de súdpunt fan Afrika leit. It lân grinzet yn it noarden oan Namybje, Botswana en Simbabwe, yn it easten oan Mozambyk en Swazilân. De ûnôfhinklike steat Lesoto wurdt hielendal omsletten troch Súd-Afrika. SkiednisDe skreaune skiednis fan Súd-Afrika begjint op 6 april 1652, as Jan van Riebeeck yn tsjinst fan de VOC in ferfarskingsstasjon stiftet by Kaap de Goede Hoop. Dizze Nederlânske delsetting wreide himsels yn de 17e en 18e ieu stadich út, eastlik oant de Fiskrivier. Yn 1806 besetten de Britten de Kaap en hienen de Nederlanners it net mear foar it sizzen. Letter ûntstie der argewaasje tusken de Britten en de Nederlânske boeren, ûnder oare fanwegen de kompensaasje foar de ôfskaffing fan de slavernij. In soad Nederlânske (en ek Dútske en Hugenoatske) kolonisten, bekend as Boeren, lutsen yn de jierren 1830-1840 ûnder de saneamde Grutte Trek fuort út de kaapkoloanje, en stiften ûnôfhinklike republiken, de Oranje Vrijstaat en Transvaal. In krewearjen fan de Boeren om ek Natal yn te lûken waard ôfslein troch de Sûloes ûnder lieding fan Dingaan, de broer fan de ferneamde Shaka Sûloe. It wienen foaral syn oarloggen tsjin oare stammen wêrtroch't de Boeren sa maklik opgong meitsje koenen. Letter waarden de Sûloes ferslein troch de Britten. Yn 1867 waarden der diamanten en yn 1886 goud fûn. Troch dizze ûntdekkings naam de rykdom, ymmigraasje en ûnderwerping fan de oarspronklike bewenners ta. De Boeren fersetten harren in skoft lang tsjin de Britten, mar waarden ferslein yn de Earste Boereoarloch (1880-1881) en de Twadde Boereoarloch (1899-1902). Yn 1910 waard de Uny fan Súd-Afrika foarme, dy't in ûnôfhinkelike steat waard yn it Britske Gemenebest. Yn 1931 waard Súd-Afrika in Dominion. Súd-Afrika fierde de polityk fan apartheid (skieden ûntwikkeling fan de ferskate rassen) yn, hokker nei de ferkiezingsoerwinning fan de Nationale Partij yn 1948 noch fierder fersterke waard. Yn de jierren '90 einige de apartheid. De doetiidske presidint de Klerk liet de bekende anti-apartheidsaktivist Nelson Mandela frij op 11 febrewaris 1990, en yn 1994 waarden foar it earst algemiene ferkiezings foar alle rassen hâlden. Troch de oerwinning fan it ANC, kaam der in nij bestjoer dat foar in grut part út minsken bestie út de (foaral swarte} anti-apartheidsgroepearring. De lieding wie earst yn hannen fan, letter ûnder Thabo Mbeki. It nije regear fierde in belied fan 'rjochtstellende aktie' om de ûngelikenens fan it ferline in ein te meitsjen. Sûnt 1996 is der in nije grûnwet. Súd-Afrika is in republyk yn transformaasje. It is ek it lân mei in ferskuorrend grut ferskil tusken earm en ryk, en it hat it heechste persintaazje HIV-besmetten yn de wrâld. GeografyIt oerflak fan Súd-Afrika is 1.219.912 km² grut (ynklusyf de Prins Edward-eilannen). Súd-Afrika grinzet yn it noarden oan Botswana, Simbabwe, Lesotho en Swazilân, yn it easten oan Mozambyk, yn it westen oan Namybje en yn it suden oan de Atlantyske Oseaan en Grutte Oseaan. It lânskip hat in protte fariaasje, it binnenlân bestiet út heechflakte, bylâns de râne lizze rûge heuvels en oan de kust in smelle flakke stripe. De heechste pyk is de Njesuthi op 3408 meter hichte. Súd-Afrika beskikt oer in protte natuerlike rykdommen: goud, groom, antimoon, stienkoal, izererts, mangaan, nikkel, fosfaten, tin, uranium, diamanten, platina, koper, fanadium, sâlt, ierdgas. |
||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
This article is from Wikipedia. All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License.