Ruslân

Article on other languages:


Dit artikel is in stobbe oer geografy.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.


Российская Федерация
Flagge fan Ruslân Wapen fan Ruslân
Flagge Wapen
Motto:
Folksliet: Gimn Rossiyskoy Federatsii
Lokaasje fan Ruslân
Offisjele taal Russysk
Haadstêd Moskou
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
Oerflak
% wetter

17.075.200 km²
0,5­%
Ynwenners (2003) 144.526.378
Munt Roebel (RUR)
Tiidsône UTC +2 oant +12
Nasjonale feestdei -
Lânkoade RUS
Ynternet .ru
Tillefoan 7

Ruslân, offisjeel Russyske Federaasje, is it grutste lân yn 'e wrâld, en leit foar in part yn Jeropa en foar in part yn Aazje. De haadstêd is Moskou en de presidint fan de federaasje is sûnt 2008 Dmitri Medvedev. De eardere presidint Vladimir Poetin is tsjintwurdich premier.

Ruslân wurdt begrinzge troch:

Skiednis

Oan de midsieuwen ta wie it Jeropeeske part fan Ruslân bewenne troch Slavyske, Baltyske en Finsk-Oegryske stammen. Guon fan de Slavyske folken teagen nei it easten. De súdrussyske steppegea wie bewenne troch nomadyske folken. It Grutbulgaarske ryk rikte tusken 552 en 745 fier nei it easten, oant op wat hjoed de dei Russysk grûngebiet is. Om it jier 654 parte Grutbulgarije him yn trije dielen. Tusken de 10e en 14e ieu hearde it gebiet tusken Wolga en Kama ta de Wolgabulgaren. Benoarden it Grutbulgaarske Ryk ûntstie yn 862 it Kiewske Ryk mei as haadstêd Kiëw. It ynwennertal fan it Kiewske Ryk yn de 12e ieu wurdt rûze op 4 oant 9 miljoen. Yn 'e lette midsieuwen wie der frijwat striid tusken de Russyske foarsten en dat wie foar de Mongoalen in boppeslach. It haadplak fan de Mongoalen wie mear as 200 jier oan de Wolga.


Bestjoerlike yndieling

Sûnt 1992 omfet de Russyske Federaasje 89 gebieten mei in ferskaat oan status, te witten:

De selsstannige republiken fan Ruslân beskôgje harren somtiids as soeverein (ûnder mear Tatarstan) of sels as ûnôfhinklik (Tsjetsjeenje). Fierders kinne de grondgebieten fan dizze ienheden inoar oerlaapje. Sa lizze nasjonale regio's meastentiids op it grûngebiet fan in oblast.

Sûnt 2000 bestiet tusken al dizze regio's en it nasjonale nivo in tuskenlaach fan sân federale distrikten (federalnyj okroeg). It sintrale regear yn Moskou hat him ta doel steld om it oantal dielgebieten nei likernôch 50 tebek te bringen.

De offisjele taal yn al dizze gebieten is it Russysk, mar dêrnjonken wurde ek talleaze tige útinoar rinnende talen sprutsen. Guon fan dy talen fungearje yn selsstannige republiken as de lokale fiertaal neist it Russysk.

Ekstra

Russian Anthem chorus.ogg
It Russyske folkliet

This article is from Wikipedia. All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License.