|
Article on other languages:
|
Londen (Ingelsk: London) is de haadstêd fan Grut-Brittanje en ek fan Ingelân. London leit yn it súdeasten fan Ingelân oan de Teems, 80 km. fan de Noardsee.
SkiednisLonden waard yn 43 stifte troch de Romeinen as Londinium, op in plak oan de noardkant fan de Teems, dêr't nei alle gedachten noch âldere Keltyske bewenning wie. Yn 61 waard Londinium ferwoeste troch de Britten. De stêd waard op 'e nij opboud en op it plak dêr't oarspronklik in wacht- en hannelspost by in furde wie, waard yn de 2e ieu de earste brêge fan Londen boud. Londinium waard ien fan de grutste plakken yn it Romeinske ryk, mar nei dy tiid rûn de stêd werom oant der hast net ien mear libbe. Nei't Eatelbert fan Kent yn Londen in katedraal stifte, woeks de stêd wer. De ynwenners krigen of koften yn de rin fan de tiid ferskate privileezjes fan de keningen, dêr't de stêd hieltiid machtiger troch waard en hieltiid hurder woeks. Yn de 12e ieu waard Londen dan ek de haadstêd fan Ingelân. Yn 1348 ferstoar in trêde fan de befolking oan de Swarte Dea. Yn 1665 ferstoaren 70.000 minsken oan de pest en yn 1666 waard mear as de helte fan de stêd delbaarnd. Yn 1940 en 1941 is de stêd slim bombardearre wurden. Dochs is Londen hieltiid grutter wurden. Fan 1825 oant 1925 wie it de grutste stêd fan de wrâld en ek no is it noch ien fan de grutste. FerbiningsLonden hat altyd it plak west dêr't in wei it wetter fan de Teems krúste. Om't de Teems oant Londen altyd maklik farber west hat, hawwe harren yn Londen grutte havengebieten ûntwikkele. Der wienen ek lytsere rivierkes yn dy omkriten, mar mei it grutter wurden fan Londen binne dy allegear troch pipen yn de grûn laat. Yn stee dêrfan is der in kanaalstelsel, dat Londen ferbinet mei oare rivieren. Londen hat ek in grut netwurk fan wegen om de stêd tagonklik te meitsjen, mar dêrtroch rekket de binnenstêd oerbelêst. Der binne ferskate maatregels naam om dit tsjin te gean. Faaks de ferneamste, en doelmjittigste, is de Undergrûnske. Under de stêd leit in netwurk fan spoaren dy't minsken ta en út it sintrum bringe moatte. Foar ferbinings mei de rest fan de wrâld hat Londen njonken Heathrow noch trije fleanfjilden. Oare fleanfjilden yn de omkriten lizze oan it spoar, sa't se ek maklik in part fan it fleanferkear foar Londen opnimme kinne. Untwikkeling ynwennertalAl yn 140 hie Londen al 30.000 ynwenners, yn 1300 wiene dat 100.000 en yn 1801 wie Londen nei Rome de twadde stêd wilens it bestean fan it minsdom mei mear as 1 miljoen ynwenners. By de folkstelling fan 2007 hie Londen 7.554.236 ynwenners. De stêdekloft (ek wol; Grutter-Londen) hie 12.629.020 ynwenners.
Geografy en klimaatGrutter Londen beslaat in gebiet fan 1,579 km², dêrtroch is it ien fan de grutste stêden op 'e wrâld. It wichtichste geografyske skaaimerk is de rivier Teems, in befarbere rivier dy't fan it súd-westen nei it easten troch de stêd rint. De stêd leit yn in gebiet mei in seetemperatoeren; tuskenbeiden simmers en tuskenbeiden winters. De trochsneed temperatoer yn it jier is 14,4°C.
Keppeling om utens
More about Londen: citytrip londen, tower of londen, briges londen, |
||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
This article is from Wikipedia. All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License.