|
Article on other languages:
|
Kanada is in lân yn Noard-Amearika, noard fan de Feriene Steaten. Oan de noardkant leit de Arktyske Oseaan en yn it easten de Atlantyske Oseaan. Oan de westkant fan Kanada leit yn it suden de Stille Oseaan en yn it noarden Alaska, ien fan de Feriene Steaten. De haadstêd fan Kanada is Ottawa; oare grutte stêden binne Montreal, Toronto, Vancouver, Calgary, Edmonton, Kebek, Winnipeg, Hamilton, London, Kitchener en Halifiks.
DemografyBefolkingIt meastepart fan de ynwenners fan Kanada wennet yn in stripe fan 200 kilometer bylâns de grins mei de Feriene Steaten. De gebieten noardlik dêrfan binne tin befolke en de noardlike territoria wurde amperoan bewenne. De ynwenners fan Kanada wurde Kanadezen neamd. Fanâlds bestie de befolking út Inuit en Yndianen. Letter kamen grutte groepen Ingelsktalige en Frânsktalige ymmigranten út Jeropa. De Frânsktalige bewenners foarmen yn de provinsje Kebek de mearderheid en dêr is it Frânsk de (ienige) offisjele taal. Kanada hat altyd in ymmigraasjelân west en har befolking komt fan rûnom de wrâld. Yn het westen hawwe in soad Oekraïners har ta wenjen setten. Op in soad plakken binne ek Nederlânsktalige ymmigranten te finen, dy't der foaral yn de jierren nei de Twadde Wrâldkriich hinne gien binne. Ek út Aazje wei binne in soad nei Kanada komd, benammen nei de westkust wêr't in soad Kanadezen fan Sineeske komôf wenje. Yn de tachtiger en njoggentiger jierren binne in protte Sinezen út Hongkong nei Fanoever ferfard. Yn Kebek binne mienskippen út Haïty en Frânsktalich Afrika. TaalYn Kanada binne it Ingelsk en it Frânsk de offisjele talen. Offisjeel is Kanada twatalich, lykwols is dêr yn de westlike provinsjes net folle fan te fernimmen, omdat it Ingelsk dêr de fiertaal is. De provinsje Kebek is alhiel Frânsktalich, de Kwebekois sprekke in fuortsetting fan it Frânsk, in patois fan de 17e en 18e ieu. Sûnt de sechstiger jierren hat him in skerpe politike skieding ûntwikkele tusken it Frânstalige Kebek en de Ingelsktalige provinsjes. Der wie sels sprake fan dat de provinsje Kebek har ôfskiede soe fan Kanada. Referenda dy't hjir oer holden waarden, waarden amperoan ôfwiisd. Yn de provinsjes Nij Brunswyk, Ontario en Manitoba en Nijfoundlân wurde troch minderheden Frânsk praat. Nij Brunswyk is de ienige offisjele twatalige provinsje. ProvinsjesKanada bestiet út 10 provinsjes en 3 territoariums. De provinsjes ûntliene harren rjochten en macht oan de grûnwet. De tsien provinsjes binne:
De territoariums binne gebieten dêr't net folle minsken wenje. Hja wurde troch de regearing fan Kanada bestjoerd; harren macht wurdt delegearre troch it regear. De trije territoariums binne: More about Kanada: evleri kanada, darbari dhun in kanada mishra pilu raga raga, kanada reiseführer, wohnmobil kanada, craig kanada, enayetkhani kanada raga, kanada sprachkurse, kanada reise, kanada göçmen, |
|||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
This article is from Wikipedia. All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License.