James Bond

del.icio.us del.icio.us
Digg Digg
Furl Furl
Reddit Reddit
Rojo Rojo
Add to OnlyWire
Daniel Craig, ien fan de James Bond-akteurs.
Daniel Craig, ien fan de James Bond-akteurs.

James Bond is de haadpersoan út 'e boeken fan de skriuwer Ian Fleming. Bond is in agent fan MI6, de Britske bûtenlânske geheime tsjinst. De measte boeven dêr't Bond mei te krijen hat, binne ekstreme psygopaten.

Ynhâld

Karakters

In Aston Martin mei allerhanne gadgets.
In Aston Martin mei allerhanne gadgets.

Njonken Bond binne der ferskate figuren dy't yn in protte ferhalen oer James Bond foarkomme:

  • M - de sjef fan MI6.
  • Miss Moneypenny - de sekretaresse fan M.
  • Q - de techneut fan MI6 (allinnich yn 'e films).
  • Felix Leiter - in freon fan Bond fan 'e CIA.

Boeken

Fleming skreau fan 1952 oant 1964 alle jierren op fakânsje op Jamaika in boek oer James Bond.

Boektitels

  • 1953 - Casino Royale
  • 1954 - Live and Let Die
  • 1955 - Moonraker
  • 1956 - Diamonds Are Forever
  • 1957 - From Russia With Love
  • 1958 - Doctor No
  • 1959 - Goldfinger
  • 1960 - For Your Eyes Only (ferhalebondel)
    • From a View to a Kill
    • For Your Eyes Only
    • Quantum of Solace
    • Risico
    • The Hildebrand Rarity
  • 1961 - Thunderball
  • 1962 - The Spy Who Loved Me
  • 1963 - On Her Majesty's Secret Service
  • 1964 - You Only Live Twice
  • 1965 - The Man With The Golden Gun
  • 1966 - Octopussy and The Living Daylights (ferhalebondel)
    • Octopussy
    • The Living Daylights
    • The Property of a Lady

Oare skriuwers

Sûnt de dea fan Fleming skriuwe oare skriuwers nije Bond-ferhalen. Fan ien nije autoriteit is it lykwols net kaam.

Films

Der binne ek films oer James Bond makke. De earste film wie in tillevyzjefilm foar de searje Climax! fan de Amearikaanske stjoerder CBS. Dit wie in ferfilming fan it boek Casino Royale, troch Fleming oanpast foar de searje en it Amearikaanske publyk. De earste film-James Bond waard sa Barry Nelson.

De Aston Martin db5 út de earste fiif bioskoopfilms.
De Aston Martin db5 út de earste fiif bioskoopfilms.

Sûnt 1962 wurde der bioskoopfilms oer James Bond makke. Dy films hawwe in soad humor en Bond brûkt in soad technyske gadgets. De films hawwe sa populêr west dat de titellieten fan in protte Bondfilms grutte suksessen wurden binne.

De measte titels fan Bond-ferhalen fan Fleming binne brûkt foar Bond-films. Yn de measte gefallen is der lykwols net folle ferbân tusken de film en it ferhaal mei deselde titel.

James Bond as filmfiguer is ek in protte parodiearre, bygelyks yn de films oer Austin Powers.

Filmtitels

  • 1962 - Dr. No
  • 1963 - From Russia With Love
  • 1964 - Goldfinger
  • 1965 - Thunderball
  • 1967 - You Only Live Twice
  • 1967 - Casino Royale
  • 1969 - On Her Majesty's Secret Service
  • 1971 - Diamonds Are Forever
  • 1973 - Live and Let Die
  • 1974 - The Man with the Golden Gun
  • 1977 - The Spy Who Loved Me
  • 1979 - Moonraker
  • 1981 - For Your Eyes Only
  • 1983 - Octopussy
  • 1983 - Never Say Never Again
  • 1985 - A View to a Kill
  • 1987 - The Living Daylights
  • 1989 - Licence to Kill
  • 1995 - GoldenEye
  • 1997 - Tomorrow Never Dies
  • 1999 - The World Is Not Enough
  • 2002 - Die Another Day
  • 2006 - Casino Royale

Akteurs

Bondfamkes

Yn eltse film fan Bond hat hy ien of mear freondinnen en faak moat er fjochtsje tsjin kreaze froulike boeven. Dy freondinnen wurde Bondfamkes neamd en hawwe faak dûbelsinnige nammen lykas : Honey Ryder, Pussy Galore, Melina Havelock, Octopussy en Mary Goodnight. As in froulike akteur de rol fan Bondfamke spile hat, betsjut dit foar har faak it begjin fan in grutte opgong yn de filmwrâld.

Under oaren de folgende froulike akteurs hawwe Bondfamke west:

More about James_Bond: james bond 007, art behind bond bond creative from james phenomenon process screen storyboard, james bond theme, james bond collection, james bond poster, james bond casino royale, james bond girl, james bond dvd, james bond film,

This article is from Wikipedia. All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License.