|
De Fûke is in boek fan Rink van der Velde út 1966 dat him ôfspilet yn de Twadde Wrâldoarloch. Yn 1995 hat de skriuwer it boek omstavere en ek de ynhâld op 'e nij besjoen. YnhâldKrekt as yn hiel Nederlân dûke der ek Joaden ûnder yn Fryslân. Ek by in ielfisker dy’t mei syn frou Gryt en soan Germ efterôf yn in húske oan de Tsjûkemar wennet. Op in nacht komt Germ net thús fan syn nachtlike tochten op’e mar. De oare deis komt de plysje mei de Dútsers Germ syn heit opheljen om him te ferhearren. De anargistyske ielfisker siet al faker foar ferhoar, en is gjin maklik mantsje. Hy hâldt him stil as’t se him ûnderfreegje. Under it ferhoar rekket hy hieltyd fierder yn de 'fûke'. Letter docht him bliken dat Germ oppakt is by syn wurk foar it ferset. As syn heit dat trochkrijt slaan by him de stoppen troch en dat is it begjin fan de ein. De filmDe Fûke is de twadde Fryske (lowbudget) spylfilm fan Steven de Jong. De film kaam yn 2000 yn de bioskopen. Rink van der Velde skreaun it senario tegearre mei Steven de Jong. De muzyk is fan De Kast. De ielfisker hat yn de film in namme krigen: Jelle.
oersettingen
|
This article is from Wikipedia. All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License.